Letra Syn Brief de Nynke Laverman

Letra de Syn Brief

Nynke Laverman


Syn Brief
Nynke Laverman
(0 votos)
Dy dei kaamst my yn 'e mjitte en do rûnst
Sjongend op it strân, ik waaide út en ergens
Fleach de wylster foarby yn in wolk fan mist
It hindere net, dy dei wie lang genôch foar ús
Sacht helle ik de wylster oan, do hiest my
By de hûd krigen en de sinne sakke dy dei
Swier myn hert yn, doe't dyn skriemen skril
Syn twa wjukken bruts, syn snaffel skeinde
Ik waard it donkere binnenste fan dyn ferhaal
En yn myn donkerste binnen waard ik in fûgel
Do seidest, jou my dyn wiete, tsjustere blik
Jou my dyn hannen en jou my hiel dyn hert
Mar de nacht is foarby, de wylster sit deunby
De rûzige see, en hy fluitet syn eigen ferhaal
Wat witsto fan fertriet, it is myn jas hjoed
Lit my de hûd, lit my myn gouden wjukken
En asto my op in winterdei wer sjongen hearst
Dan witst hoefolle kleur at dit iensum hert hat
Ik waard it donkere binnenste fan dyn ferhaal
En yn myn donkerste binnen waard ik in fûgel


Comparte Syn Brief! con tus amigos.


Que tal te parece Syn Brief de Nynke Laverman?
Pesima
Mala
Regular
Buena
Excelente