Cancion : Riedsel Artista : Nynke Laverman Album : De Nacht Van De Maisfrou - Live Url : https://www.letras10.co/letra-riedsel-de-nynke-laverman Yn guon nachten wazemje alle wurden fan iensumens Dize driuwt yn 'e holle om, wat falt der ek te sizzen De stuollen leech bliuwe, de klok sûnder hope tikket It sop stiet kâld op tafel, de tsiis heakket oan it knyft Yn 'e fierte glidet de see oer wite kokkelbanken In fiskersfrou begjint te waskjen Dit hûs garret it stof fan in lang jier en ik fei it Yn myn hannen en hoe te tinken oan nije leafde Yn 'e fierte sjongt de see oer wite kokkelbanken Wat ik oan gebaren foar dy meitsje kin It is gjin riedsel Wat ik oan wurden foar dy sizze kin Is net dat riedsel Fan twa tegearre En ik, ik wol wer sjonge op dizze keale ierde It hûs in útbloeide blom, de doar in toarre beam Wat is sterker as de hûd, wat is tearder as de hûd Ik nim wat de see en it stof tegearre meitsje En ik sil wer sjonge oer dat iene riedsel Wat ik oan gebaren foar dy meitsje kin It is gjin riedsel Wat ik oan wurden foar dy sizze kin Is net dat riedsel Fan twa tegearre En ik wol wer sjonge oer dat riedsel Fan twa tegearre ========================== Letra descargada de Letras10.co ==========================